Cambuur yn deselde opstelling

Cambuur begjint freed yn de útwedstriid tsjin Heracles Almelo yn deselde opstelling as ferline wike tsjin Vitesse. Yn dy wedstriid pakten de Ljouwerters in fertsjinstlik punt. Cambuur hat noch net ferlern yn de nije kompetysje. Foar Heracles is dat oars. De Almeloërs ferlearen de earste twa wedstriden. By Cambuur liket nije oanwinst Daniël de Ridder nije wike oan te sluten by de seleksje. De oanfaller is hast wer fit nei in meniskusoperaasje begjin maaie. Sander van de Streek sit nei in skouderblessuere wol wer by de seleksje.