Gordykster rydt yn op manlju

21 aug 2014 - 09:06

In man fan 34 jier fan De Gordyk hat woansdeitemiddei mei opsetsin twa plakgenoaten oanriden. De man en in groepke jongeren út it doarp hawwe al in skoft spul mei elkoar.

Yn de Loaijerstrjitte kaam it woansdeitemiddei ta in konfrontaasje. Dêrby ried de Gordykster mei syn auto yn op twa manlju fan 19 en 22 jier út it doarp. Sy koene noch krekt op 'e tiid oan de kant springe en rekken dêrtroch net ferwûne. De fertochte is oanholden. Hy sit fêst op it buro foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)