Fragen oer boaiemdelgong

21 aug 2014 - 07:26

De steatefraksje fan de PvdA stelt fragen oan Deputearre Steaten oer de boaiemdelgong by Frjentsjer dy't noch hieltyd fierder giet. Neffens it Staatstoezicht op de Mijnen sil de boaiem yn it gebiet troch eardere gaswinning de kommende jierren sakjen bliuwe.

De PvdA fynt dat de bewenners hjir net de dupe fan wurde meie. De partij wol ûnder oare witte as de provinsje op 'e nij sjen sil nei de regeling foar skeafergoeding foar de bewenners yn it gebiet.

Trefwurden: 
PvdA gaswinning Vermilion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)