Wagenaar wint frouljus PC

20 aug 2014 - 19:24

It partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hat de de frouljus PC yn Weidum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra, de winners fan ferline jier. Yn de finale fan de 38ste edysje fan de keatspartij wienen Wagenaar en dy oppermachtich. It partoer fan Wagenaar wie yn it foar al favoryt foar de winst.

Leonie van der Graaf is útroppen ta keninginne fan de frouljus PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)