Registraasjefout: keunst fuort

Gemeente Ljouwert
De gemeente Ljouwert hat troch in ferkearde registraasje in keunstwurk fan L.J. van Tuinen fuorthelle. Hy hie op it Stephensonfiadukt yn Ljouwert in anty IS-statement makke. By de gemeente wie de melding oer de graffity by fersin op de ferkearde ôfdieling telâne kaam.
Dêrop hat Ljouwert it keunstwurk woansdeitemoarn fuort helje litten. De gemeente giet no yn oerlis mei de keunstner oer in nij keunstwurk.