Ympasse petearen taksyferfier

20 aug 2014 - 18:52

De petearen oer it taksyferfier fan soarchgroep Alliade sitte yn in ympasse. In pear wiken lyn rûn in ultimatum fan fakbûn FNV oan Alliade op It Hearrenfean ôf. Hûnderten Fryske taksysjauffeurs sitte yn ûnwissens oer harren wurk, neidat Alliade it taksyferfier gund hat oan Klomp út Ede. Dy kin it ferfier 5 ton goedkeaper dwaan as Taxi Oenema en Taxi Witteveen, dy't it hendikepteferfier fan Alliade no noch dogge. FNV hat easke dat Klomp de Fryske sjauffeurs oernimt. Der wienen ,,positive petearen" tusken de taksybedriuwen, mar dat sit no fêst.

It fakbûn besjocht dizze wike oft der noch aksjes nedich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)