Partoer Van der Veen yn finale

De heale finale fan de Frouljus PC 2014 © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De earste finalist fan de frouljus PC is bekend. Dat is it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra, de winners fan ferline jier. Sy wûnen yn de twadde omloop mei 5-2 en 6-0 fan it partoer fan Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga. Trochdat Van der Veen-en-dy dêrnei in steand ha, steane sy as earste yn de finale.
De heale finale giet tusken it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra en dat fan Sanne Velsma, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij.
It partoer fan Wagenaar en dy wurdt sjoen as de favoryt fan de frouljus PC.
De partij is de hiele dei te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Alle útslaggen en mear foto's binne te finen op www.simmerynfryslan.nl.