Grien ljocht foar skoalfúzje

20 aug 2014 - 15:50

De bestjoeren fan stifting kristlik basisûnderwiis Dongeradiel en skoalle De Twine yn Dokkum meie fan de rjochtbank fusearje. Twa jier lyn ferbea steatssiktaris Sander Dekker fan ûnderwiis it fúzjeplan. De fúzjeskoalle soe mei goed 300 learlingen in te grutte spiler wurde fan primêr ûnderwiis yn Dongeradiel.

De skoalbestjoeren hawwe by de rjochtbank yn Ljouwert it beslút mei súkses oanfochten en hawwe no ek fan steatssiktaris Dekker tastimming krigen foar in bestjoerlike fúzje. De Twine wurdt no ûnderdiel fan it kristlik basisûnderwiis.

Foar personiel hat de fúzje gjin gefolgen. Dit skoaljier wurdt wurke oan it konkreet meitsjen fan it fúzjeplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)