Suveldrank Tjolk komt werom

20 aug 2014 - 14:26

Wa kin it noch, it suveldrankje Tjolk? Yn 1977 ferskynt it populêre drankje om ein jierren '80 wer út de supermerk te ferdwinen. In ûndernimmer út Noard-Hollân bringt Tjolk no opnij op 'e merk, mei de bekende bisten op 'e pakjes. De molke komt út Fryslân. It giet om in inisjatyf fan ûndernimmer Niek Nielen. Hy wol ynspylje op nostalgyske gefoelens fan âlden mei lytse bern.

Foar Tjolk hat de produsint mei sin keazen foar boeregildemolke fan boeren út Idzegea en omkriten. It boeregilde is tige wiis mei it nije ôfsetkanaal.

Tjolk leit fan 15 septimber ôf yn de winkel.

Trefwurden: 
molke Tjolk suveldrank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)