Frouljus PC los yn Weidum

20 aug 2014 - 11:33

Weidum stiet woansdei yn it teken fan de frouljus PC. De belangrykste partij fan it jier wurdt foar de 38ste kear ferkeatst op it keatsfjild fan keatsferiening Nije Kriich. De wedstriid is om 11.00 oere los gien. Der dogge tolve partoeren mei. Titelferdigeners binne Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Der waard moandei foar it earst stjoerd lotte.

De partij is de hiele dei te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Alle útslaggen en mear foto's binne te finen op www.simmerynfryslan.nl.

Trefwurden: 
keatsen Weidum frouljus PC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)