35ste Strontrace fan start

20 okt 2008 - 15:13
  • De skippen ferlitte Warkum troch it Soal
  • Yn 'e beage op nei rommer wetter

Yn Warkum waard moandei troch inisjatyfnimmer Reid de Jong it startskot jûn fan de 35ste edysje fan de Strontrace. Goed 60 skippen binne dêr begûn oan de oerstek nei it Súd-Hollânske Warmond. Neffens de organisaasje is it miskien wol de swierste platboaiemrace op de wrâld.

De skippen moatte sa gau mooglik in lading stront nei Warmond ferfiere, dêr losse en wer werom farre. Se binne begûn mei in moai sintsje by, mar ek mei in stevige wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)