Doweklup wiis mei NPO-nammen

Foarsitter Dirk Buwalda fan de Nederlânske Postdowehâlders Organisaasje is bliid mei de nije nammen fan de publike radio- en tillevyzjestjoerders. Fan tiisdei ôf hjitte de stjoerders NPO 1, NPO 2 en NPO 3. Ek de radiostjoerders krije NPO foar har stasjonsnamme.
De feroaring fan namme is in finansjele meifaller foar de postdowe-organisaasje, wêrfan't de ôfkoarting ek NPO is. De klup hat syn ynternetadres NPO.nl op fersyk fan de publike omrop ferkocht foar in bedrach fan 100.000 euro. It jild wurdt ûnder oare brûkt foar in nije webside.