ITS hat rolstoelfreonlike bus

19 aug 2014 - 15:46
  • De earste rolstoelfreonlike bus fan ITS út Boalsert

Touringcarbedriuw ITS út Boalsert hat as earste busmaatskippij fan Nederlân in folslein rolstoelfreonlike bus. De bus hat plak foar tsien rolstoelen en fjirtich oare passazjiers. De bus is yn Dútslân boud en is makke nei de ideeën fan de eigeners fan ITS.

Sa woe ITS graach in brede en maklik te betsjinjen lift, in flakke flier en moasten de rolstoelgebrûkers frij sicht ha. It giet om in ynvestearring fan 400-tûzen euro. Neffens it busbedriuw is der seker in merk foar. De bus is ek om te bouwen foar it ferfier fan skoalbern of groepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)