Fryske film te sjen yn Yndia

De koarte film '2 Look 4 a View' fan de Fryske filmmakkers Ron Aerts en Fedde Hoekstra, belibbet dit wykein syn ynternasjonale premjêre. Op it Bangalore Internationaal Short Film Festival yn Yndia sil de film foar it earst op it wite doek te sjen wêze.
De film is opnaam yn Smellingerlân. Joop Wittermans spilet ien fan de haadrollen. De film giet oer it famke Tineke, dat tegearre mei har pake op fakânsje is op in wenark yn Smellingerlân.