Ferkearshinder op Wâldwei

19 aug 2014 - 12:39
  • Nij asfalt

De op- en ôfritten Wergea/Ljouwert-East op de Wâldwei binne fan woansdeitejûn 19.00 oere ôfsletten oant tongersdeitemoarn seis oere. Der wurdt ûnder oare asfaltearre. Ek de Drachtsterwei is dan ticht tusken de oansluting Goutum/Suderbuorren en de oansluting mei de Wâldwei.

It ferkear wurdt omlaat. Goutum en Suderbuorren bliuwe berikber. Dat jildt ek foar de trochgeande rûte tusken Werpsterhoeke en Drachten. De wurksumheden binne ûnderdiel fan de oanlis fan de Heak om Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)