'Better ûnderhâld Ofslútdyk'

19 aug 2014 - 11:34

Der moat gau wat dien wurde oan it ûnderhâld oan de brêgen yn de Ofslútdyk. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. Foar him is de maat fol nei't ôfrûne moandei in lange file ûntstie nei in steuring by ien fan de brêgen. Dat wie op syn minst de fjirde kear dit jier.

Ferline jier waard it ferkear hast in wike omlaat nei't ien fan de brêgen net goed mear ticht woe. Dat is neffens De Rouwe net goed foar de ekonomy. Benammen ferfiersbedriuwen hawwe in soad skea fan de fertragings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)