Dragraces yn Drachten útsteld

De dragraces op de airstrip yn Drachten kinne dit wykein net trochgean om't der te folle reinwetter fallen is. Dat meldt de organisaasje. It evenemint wurdt no holden op 19, 20 en 21 septimber. De baan en it terrein binne der min oan ta troch de rein. Boppedat wurdt der de kommende dagen noch in soad min waar foarsein. Dêrom is op koarte termyn net te ferwachtsjen dat de omstannichheden better wurde, seit de organisaasje.