'Hiemstra populistyske razer'

19 aug 2014 - 10:57

Direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen fynt dat steatefraksjefoarsitter Jelle Hiemstra fan Friese Koers dwaande is mei populistysk geraas. Friese Koers makket him drok om it feit dat Doeksen de prizen foar boatkaartsjes sûnt de oername fan de EVT mei hûnderten prosinten ferhege hat.

Melles jout oan dat de nije tariven fan dit jier net te fergelykjen binne mei de stuntprizen fan 2013. Neffens him binne de prizen te fergelykjen mei kosten foar in kaartsje, dy't yn 2011 hantearre waarden.

Friese Koers stelt skriftlike fragen oer de kwesje oan Deputearre Staten en wol dat kommissaris Jorritsma om opheldering freget by steatssiktaris Mansveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)