Doutzen fertsjinnet goed

19 aug 2014 - 09:31

Doutzen Kroes fan Eastermar is it op ien nei bêst fertsjinjende topmodel fan de wrâld. De 29-jierrige Friezinne fertsjinne ferline jier 8 miljoen dollar, sa'n 6 miljoen euro, mei har wurk foar ûnder oare L'Oreal en Victoria's Secret. Dat hat it tydskrift Forbes berekkene. It Fryske model befoel ein july fan har twadde berntsje, Myllena Mae.

Nûmer ien is de Braziliaanse Gisele Bündchen, mei 47 miljoen dollar (35 miljoen euro). It is foar de achtste kear dat dit 34-jierrige model boppe-oan stiet.

Besjoch de folseine list fan de bêst ferstjinjende modellen fan de wrâld op de webside fan Forbes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)