Skip makket wetter op Noardsee

19 aug 2014 - 08:36

Op de Noardsee, 50 kilometer noardlik fan Flylân, is tiisdeitemoarn in skip yn de problemen kaam. Der binne trije minsken oan board. Om healwei achten melden de opfarrenden dat it skip wetter makke en dat har eigen pomp stikken wie.

Der binne in helikopter, in fleantúch en in sleepboat nei it skip stjoerd. Dy hawwe pompen oan board brocht om it skip leech te pompen. Ek de KNRM-boaten fan Flylân en Skylge binne by it skip. Neffens de kustwacht is de situaasje ûnder kontrôle.

It giet om de Kestrel, in 18 meter lange omboude fiskkotter. It skip wurdt no brûkt as bewakingsskip by boarplatfoarmen. Oer de oarsaak fan de problemen is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Flylân Noardsee skip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)