Warskôging foar oplichters

19 aug 2014 - 07:54

De gemeente De Fryske Marren warskôget foar oplichters dy't har foardogge as meiwurkers fan de gemeente. In ynwenster melde moandei by de gemeente dat sy belle wie troch ien dy't sei har út namme fan de gemeente in kado oanbiede te kinnen. Dat wie as betankje foar har dielname oan in enkête. Om it kado te ûntfangen, moast de frou wol earst de ferstjoerkosten oermeitsje.

De Fryske Marren seit dat it de ôfrûne tiid gjin enkête holden hat ûnder de ynwenners en dat it by in mooglike beleanning ek nea sa te wurk gean soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)