Boonstra nije direkteur NDC

Dina Boonstra is de nije algemien direkteur fan de NDC Mediagroep. Dat meldt de Ljouwerter Krante moandeitejûn op har webside. De 55-jierrige Boonstra út Lieveren krijt fan 1 septimber ôf de lieding oer it Dagblad van het Noorden, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.
Boonstra wurke de ôfrûne jierren benammen yn de soarchsektor, mar earder ek by útjouwerij Noordhoff, Wegener en it Financieel Dagblad.