Jong H'fean wint yn Almere

Thomas Dalgaard by syn debútwedstriid tsjin FC Dordrecht © awfoto.nl
Jong Hearrenfean hat de earste winst yn de beloftekompetysje binnen. Jong Almere City FC waard yn eigen stadion mei 1-0 ferslein. Thomas Dalgaard makke yn de 18e minút fan alve meter it iennichste doelpunt. Jong Hearrenfean spile better as in wike lyn yn de earste wedstriid tsjin Jong NEC/FC Oss. Dy waard doe mei 3-1 ferlern. It fersulverjen fan de kânsen sil noch wol better moatte.