Kettingbotsing foar sikehûs

18 aug 2014 - 17:52

Foar sikehûs MCL yn Ljouwert hat moandeitemiddei om in oere as fjouwer hinne in kettingbotsing west. Dêrby kamen trije auto's mei-inoar yn botsing. De bestjoerder fan de middelste auto rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. Twa auto's moasten fuortsleept wurde. De kettingbotsing soarge foar in file op de Aldlânsdyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)