Proseduere tsjin Smallsteps

18 aug 2014 - 17:22

Fakbûn Abvakabo FNV begjint in juridyske proseduere tsjin berne-opfangbedriuw Smallsteps, dat bernedeiferbliuwen fan it fallite Estro oernaam hat. Neffens it fakbûn is der misbrûk makke fan it fallisemintsrjocht om sa op goedkeape wize wurknimmers dien jaan te kinnen. Begjin july gong Estor fallyt en makken sa'n 250 lokaasjes in trochstart ûnder de namme Smallsteps. Dêrûnder wienen ek in tal Fryske festigings.

Goed 1000 wurknimmers ferlearen har baan. It fakbûn iepene in meldpunt foar meiwurkers en âlden dy't dupearre waarden.

Yn twa wiken tiid kamen der hûnderten meldingen binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)