Boargernetmeldings oer de mail

18 aug 2014 - 15:41
  • Burgernet

De gemeenten Harns en Frjentsjerteradiel wreidzje boargernet út mei emailberjochten. No krije dielnimmers allinnich noch berjochten oer de tillefoan. De emailservice wurdt brûkt om ûnder oaren ynbraken yn de wyk te melden. Yn de email stiet ynformaasje oer it tiidstip, de lokaasje en hoe't de ynbrekkers te wurk gong binne.

Earder is ek de gemeente Hearrenfean al úteinset mei boargernetmeldings oer de mail.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)