Dongútride goed foar gers

It boppegrûns útriden fan dong troch boeren is goed foar de gersrisping. Dat docht bliken út de praktykproef by Surhústerfean. Op it lân fan in boer oan de Blauhústerwei binne fjouwer ferskate dongsystemen test. De opbringst op it stik dat boppegrûns bedonge waard, is heger en it gers is griener as by bygelyks it stik dat ynjektearre waard.
De praktykproef is in inisjatyf fan feriening Noardlike Fryske Wâlden en it Nederlânske Melkfeehâlders Fakbûn. De proef wurdt takom jier werhelle, dan yn gearwurking mei de Dairy Campus.
Foppe Nijboer fan de Noardlike Fryske Wâlden pleitet foar in deechlik wittenskiplik ûndersyk nei de gêrsopbringst by boppegrûns útriden fan dong en jarre yn fergeliking mei oare bemestingssystemen.