Oerlêst wetterplant nimt ta

18 aug 2014 - 12:07

De skealike grutte wetternavel is dizze simmer eksplosyf groeid yn Súdeast Fryslân. Dat befêstiget rayonbehearder Sikke Veenema fan Wetterskip Fryslân. De wetterplant is foaral dêr te finen, mar krûpt wol hieltyd mear rjochting it Fryske Marregebiet. It giet om in soart dy't ea troch ferkeap yn túnsintra yntrodusearre is. Earder dit jier tocht Veenema noch dat sy de situaasje aardich ûnder kontrôle hienen, mar nei de waarme maitiid en simmer stuts it plantsje dochs op in soad plakken de kop op.

Foaral de Nije Feart en de Opsterlânske Kompanjonsfeart binne plakken dêr't it te finen is. Dêr soarget it foar oerlêst trochdat boaten de skroef fol ha mei it plantsje en it kin ek de koelwetterlieding ferstopje. Yn lytsere sleatten kin it al it oare libben dea meitsje.
De plant wurdt no net mear ferkocht yn túnsintra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)