Kariljon stedhûs Harns stil

18 aug 2014 - 11:40

It kariljon fan it stedhûs yn Harns is oerdeis tydlik stilset. It dak fan it stedhûs wurdt opknapt en it kariljon makket tefolle leven foar de wurkers dy't tichtby it ynstrumint oan de slach binne. Neist it dak wurdt ek it natuerstien oan de foarkant fan it gebou opknapt.

De Riedhûssteech neist it stedhûs wurdt ûnder it wurk ôfsletten. It wurk duorret oant healwei oktober.

Trefwurden: 
Harns kariljon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)