Ynbrekkers Burgum oanhâlden

18 aug 2014 - 10:21

De plysje yn Burgum hat sneintenacht twa ynbrekkers út Ljouwert oanhâlden. De mannen fan 33 en 50 jier waarden troch in tsjûge sjoen op in bedriuweterrein oan de W.M. Oppedijk van Veenweg. Nei in syktocht koe de plysje it duo op it terrein oanhâlde. Yn de auto fan de beide fertochten fûn de plysje ynbrekkersark en in fleske mei GHB. De auto, drugs en it ark binne yn beslach naam. De beide mannen sitte noch fêst.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)