Mei sin tsjin auto oanriden

18 aug 2014 - 09:53

In 43-jierrige ynwenner fan de gemeente Dantumadiel is sneintejûn yn Wâlterswâld oanhâlden nei't er yn de Freulestrjitte mei opsetsin tsjin de auto fan in 38-jierrige frou út de gemeente oanriden wie. Beide bestjoerders kamen mei de skrik frij, mar de auto's rekken skansearre. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. It slachtoffer hat slachtofferhelp oanbean krigen.

Trefwurden: 
plysje Wâlterswâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)