Ziyech kiest foar FC Twente

17 aug 2014 - 18:11

Hakim Ziyech fan SC Hearrenfean giet nei FC Twente. De 21-jierrige middenfjilder wurdt moandei medysk keurd yn Enschede. Ziyech ûndertekenet dêrnei in kontrakt foar fjouwer jier by FC Twente.

Ek Feyenoord hie belangstelling foar de spiler fan Hearrenfean. Ziyech jout sels lykwols de foarkar oan de Twentenaren.

Ziyech makke yn 2012 syn debút foar SC Hearrenfean. Yn twa seizoenen spile er 40 wedstriden yn it pompeblêdeshirt en makke er alve doelpunten, wêrunder de treffer ôfrûne freed tsjin Feyenoord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)