GP langbaan yn Eenrum staakt

De tredde wedstriid op de langbaan yn de searje om de wrâldtitel yn Eenrum is snein fanwege it minne waar staakt. Europeesk kampioen gersbaan Jannick de Jong fan De Gordyk lei op koers om syn tredde oerwinning te pakken. Hy wûn syn beide searjes yn Eenrum mei oermacht.
Dizze punten telle lykwols net mei yn it klassemint, om't der op syn minst trije searjes ferriden wurde moatte by in wedstriid om de winner oanwize te kinnen. Dat slagge net troch de fûleindige reinbuien dy't de boel letterlik yn it wetter falle lieten.
Nei trije WK wedstriden giet Jannick de Jong noch altyd oan de lieding mei 43 punten. De Dútser Erik Riss is de nûmer twa mei 38 punten. De Frânsman Mathieu Tresarrieu hat 34 en regearend wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân stiet fjirde mei 33 punten.
Der stean noch twa WK wedstriden op it programma. De folgjende is yn it Frânske Morizes op 13 septimber. Dêrnei folget de ôfslutende wedstriid yn Mühldorf op 28 septimber.
Jannick de Jong, Theo Pijper, Dirk Fabriek en Henry van der Steen kinne har no earst klear meitsje foar it WK foar lanneteams, dat kommende sneon ferriden wurdt yn it Finske Forssa. Nederlân is de titelferdigener.