Toeristysk topjier yn Fryslân

17 aug 2014 - 16:16
  • It terras by Galamadammen is it bêste Fryske terras

De toeristyske sektor yn Fryslân hat dizze simmer in topjier draaid. Dat komt ûnder oaren troch it moaie waar. Dat docht bliken út in stekproef fan buro Beleef Friesland. Alle sektoaren ha it goed dien dizze simmer; hotels, restaurants, jachthavens en campings. Op guon plakken binne sels rekôrs brutsen. Op camping Stortemelk op Flylân wiene fjouwer wiken lang alle plakken folboekt.

Njonken it moaie waar binne der ek oare saken dy't bepalend west ha foar it sukses. Sa binne der op in soad plakken leuke eveneminten organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)