Flinke groei Probo Sign Dokkum

17 aug 2014 - 15:20

It giet goed mei it digitale printbedriuw Probo Sign yn Dokkum. It bedriuw wol de kommende moannen fierder útwreidzje yn kapasiteit en yn personiel. Sa komt der in nije hal by sadat it bedriuw hast oardel kear sa grut wurdt as no. Probo Sign groeit hiel bot om't se troch fiergeande automatisearring goedkeap en goed printwurk leverje kinne.

De omset is de lêste jierren hast elk jier mei 40, 50 persint groeid. Der wurkje op it stuit goed 80 minsken.

Trefwurden: 
Dokkum Probo Sign
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)