Keninklike ûnderskieding Vonk

17 aug 2014 - 10:30

De 69-jierrige Marten Vonk út Easterstreek is sneon keninklik ûnderskieden. Vonk is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau, benammen foar syn ynset foar it kuorbaljen. Sa is er al sûnt 1975 foarsitter fan kuorbalklup De Hoeve, wie er as skiedsrjochter aktyf yn de sport en fersoarget er ek kuorbalkommentaar op Radio Weststellingwerf Centraal.

De ûnderskieding waard Vonk opspjelde troch boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf. Dat wie by de fiering fan it 75-jierrich bestean fan kuorbalklup De Hoeve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)