Vitesse-Cambuur: 2 - 2

Cambuur hat sneontejûn in fertsjinstlik punt oerhâlden oan de útwedstriid tsjin Vitesse. Yn stadion Gelredome einige de wedstriid yn 2-2. Cambuur kaam yn de 10e minút op foarsprong troch in goal fan Michiel Hemmen. Noch foar it skoft draaide Vitesse de wedstriid om. Labyad skoarde twa kear, wêrfan ien kear út in penalty.
Yn de twadde helte krigen beide ploegen mooglikheden. Yn de foarlêste minút makke Bartholomew Ogbeche út in korner de lykmakker.