Galama wint fierljepkompetysje

Oane Galama fan Wiuwert hat dit seizoen it fierljepklassemint wûn. Mei in nij persoanlik rekôr fan 21.16 meter wie er net mear te achterheljen troch Bart Helmholt. Mei de sprong wûn Galama ek de deititel op de ôfslutende wedstryd yn Gryptsjerk. Mei 144.09 meter is Galama no ek de nije hâlder fan it Nederlânsk klassemintsrekôr, dat yn hannen wie fan Bart Helmholt mei 143.65 meter.
Nea earder waard hjir sa fier sprongen, dus ek it skânsrekôr hat Galama op syn namme skreaun.
By de froulju gie de deititel nei Klaske Nauta fan Drylts mei in sprong fan 14.79 meter. Jan Teade Nauta fan Drylts sprong it fierst by de jonges: 17.69 meter. By de junioaren wie Age Hulder fan Burgum de bêste: 18.81 meter. Dizze trije nammen hawwe ek it seizoensklassemint wûn.
Takom wike sneon is de ôfsluting fan it seizoen op It Heidenskip mei de striid om de nasjonale titel.