Noardburgumer stelt bernefyts

16 aug 2014 - 15:32

In ynwenner fan De Westereen hat freedtenacht de dief fan in bernefytske pakt. De man wie by syn freondinne yn Noardburgum, doe't er lawaai yn har tún hearde. Doe't er der op ôf gie, seach er in jonge mei de fyts fan it soantsje fan syn freondinne útnaaien. Hy gie der achteroan en koe de 18-jierrige ynwenner fan Noardburgum oanhâlde.

De optrommele plysje hat de jonge meinaam nei it buro en dêr in proses-ferbaal foar him útskreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)