Twa ûngelokken op sneldyk A7

© ANP XTRA
By twa oanridingen by de rotonde fan de Jouwer binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. De earste oanriding ûntstie doe't in man fan 87 út Drachten te let seach dat de auto's foar him stil stiene. Hy botste tsjin in caravan oan. De 86-jierrige frou fan de man út Drachten rekke ferwûne oan har earm en is nei it sikehûs brocht.
Troch in ûngelok ûntstie in file en dêryn botsten trije auto's opmekoar. In frou fan 68 út De Like is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.