CVVO spilet tsjin Emiraten

It earste alvetal fan fuotbalklup CVVO fan De Lemmer spilet woansdei in oefenwedstryd tsjin in alvetal út De Feriene Arabyske Emiraten. It giet om topklup Al Dhaffra, dy't dizze wiken op trainingskamp yn Nederlân is. De ploech spilet hjir meardere oefenwedstriden. Koartlyn waard noch wûn fan Jong Ajax.
De wedstryd begjint woansdei om sân oere en wurdt hâlden op sportpark De Rien.