Sintrum foar dôven siket jild

16 aug 2014 - 13:51

It Frysk sintrum foar dôven en minsken dy't min hearre kinne siket sponsors. It sintrum wol graach alle skoallen yn Fryslân in poster stjoere dêr't omtinken frege wurdt foar minsken mei gehoarproblemen. Foar seis Fryske gemeenten is dat al slagge.

It sintrum siket no jild om ek de skoallen yn de oare gemeenten in poster stjoere te kinnen. Dat kostet 125 euro per gemeente. It sintrum siket dêr no partikuliere jildsjitters foar. It sintrum soe it leafst, neist it tastjoeren fan de poster, ek lânskomme op de skoallen om foarljochting te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)