Yllegaal stoarten bestraft

De plysje fertinkt in ynwenner fan Frjenstjer fan it yllegaal stoarten fan bou- en sloopôffal. De 56-jierrige man soe dat yn maaie fan dit jier trije kear dien hawwe, by it wynmolepark yn Seisbierum en by de seedyk by Easterbierrum. Omdat de man spoaren achter liet koe de plysje him achterhelje.
By it hearren op it buro ferklearre de man dat it stoarten goedkeaper wie as it bringen fan it ôffal nei de miljeustrjitte. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. It Iepenbier Ministearje besjocht wat foar straf er krijt.