Brede Skoalle De Jouwer iepen

Moandei is de earste lesdei foar de bern op de nije brede skoalle op De Jouwer. Oan it begjin fan de simmerfakânsje is it gebou oan de Julianaleane oplevere, mar de ynrjochting is de ôfrûne wike dien.
De hiele wike is troch masters, juffen, boufakkers en frijwilligers hurd wurke om alles op tiid klear te krijen. Yn de brede skoalle Joure zuid sitte de kristlike Borgerskoalle en de iepenbiere basisskoalle 'Twa Fjilden'. Dêrnjonken jout it gebou ek plak oan berne-opfang SKIK, muzykskoalle It Toanhûs en Miks Welzijn.