Man bedrige mei alarmpistoal

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Akkrum wurdt der troch de plysje fan fertocht dat hy in doarpsgenoat mei in alarmpistoal bedrige hat. Dat wie freedtenacht op de Sinnebuorren yn Akkrum. De 46-jierrige man wie lilk op it slachtoffer, omdat dy syn soan in rút fan syn auto fernield hawwe soe.
De fertochte is fêstset op it buro foar fierder ûndersyk. It alarmpistoal is net fûn. It slachtoffer rekke net ferwûne.