Andrea Deelstra 13e op EK

16 aug 2014 - 11:56

Hurdrinster Andrea Deelstra fan atletyk feriening Hearrenfean is sneon 13e wurden op de maraton by it Europeesk kampioenskip atletyk yn it Switserske Zürich. De nasjonaal kampioene rûn de goed 42 km yn in tiid fan 2.32.39.

De winst wie foar de Fransêze Christelle Daunay. Sy rûn in tiid fan 2.25.14. Stefanie Bouma fan Drachten kaam yn in tiid fan 2.42.48 as 37e oer de streek.

Trefwurden: 
EK atletyk Andrea Deelstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)