Langere reistiid op it spoar
Treinreizgers tusken Ljouwert en Starum moatte dit wykein noch rekken hâlde mei in langere reistiid. Fanwege wurk oan it spoar ride der gjin treinen mar bussen. Dy dogge sa'n fyftjin oant tritich minuten langer oer de reis.
It wurk oan it spoar begûn op 7 augustus, moandei 18 augustus moat it klear wêze.