Springe foar jild yn Lollum

© ANP
Yn Lollum is sneon in grut springkessenfeest foar it goeie doel. Efter it doarpshûs steane tsientallen springkessens, mei in wetterglydbaan en in klimtoer. De opbringst is foar it Ineke Alberda skoalprojekt yn Tanzania.
De stifting ProTanZ hat yn it earmste part fan Tanzania in beukerskoalle opsetten en is no dwaande mei in legere skoalle.
Ineke Alberda sette yn 2006 útein mei in beukerklasse. Nei har dea is dat troch de lokale befolking en de stifting ProTanZ fierder útboud. Fan de legere skoalle binne no al fiif lokalen realisearre. No wurdt noch wurke oan twa hûzen, in keuken, twa nije lokalen en in sportfjild. It springkessenfeest yn Lollum duorret oant sneontejûn acht oere.