Yndiëbetinking It Hearrenfean

It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean is freedtejûn de Japanske kapitulaasje en de befrijing fan Nederlânsk-Yndië yn de Twadde Wrâldoarloch betocht. Sûnt 1980 wurdt lanlik op 15 augustus stilstien by alle boargers en militêren dy't yn dizze perioade om it libben kaam binne. Op It Hearrenfean giet it om fiif minsken. Har nammen stean op in monumint by it plantsoen oan it Gashoudersplein. By de betinking waard ûnder oare in minút stilte hâlden en waarden blommen lein.