Feyenoord-SC Hearrenfean 1-1

15 aug 2014 - 22:01

SC Hearrenfean hat freedtejûn yn Rotterdam mei 1-1 lyk spile tsjin Feyenoord. Nei in pear minuten wie de earste kâns foar Slagveer foar de Feansters. De bêste kâns wie krekt foar it skoft foar Mark Uth. Syn kopkâns gong oer de lege goal. Nei in skot op de peal fan Slagveer, iepene Hakim Ziyech de skoare út in moaie frije traap. Te Vrede skoarde koart dêrnei foar Feyenoord, nei de ynset fan Immers. Hearrenfean moast in grut part fan de twadde helte mei tsien man spylje nei de twadde giel en dus reade kaart foar Joey van den Berg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)